27
wo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
Yn neifolging op de riedsbreed oannommen moasje (fan 15 juny 2017) oangeande de Biofergister yn Koatstertille hat de belutsen wethâlder besocht antwurd te jaan op fragen en
ûndúdlikheden. Dit ferhaal stiet no publisearre op de hiemside fan de gemeente Achtkarspelen.
'Wat de fraksje FNP oanbelanget binne dizze antwurden lang net folslein en helder.
Neffens de FNP is de ried mei dit ferhaal noch lang net yn posysje brocht'
Hjirop stelt de fraksje FNP nije fragen oan it Kolleezje en fersiket om spoedbeäntwurding fan dizze fragen. De spoed wurdt oanfrege sjoen de kommoasje yn it doarp Koatstertille e.û. en de soargen dy’t der spylje. 'Wy as FNP Achtkarspelen geane der fan út dat de beäntwurding fan dizze fragen helder en transparant wêze sil. Slagget sa’n beäntwurding net dan sjocht de FNP noch in mooglikheid yn it oanfreegjen fan in ynterpellaasje-debat' sa beslút de FNP'.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie