24
zo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
HARKEMA - In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat ōfrūne wike op wurkbesite west by it fernijde fitness-sintrum fan “The Gym” yn Harkema. De FNP’ers waarden hertlik ūntfongen troch de direkteur fan “The Gym” dhr. Tjipko Brouwer. Under it genot fan in bakje kofje mei koeke fertelde Brouwer entūsjast oer syn bedriuw.


The Gym is opset yn it jier 2012 oan de Warmoltstrjitte yn Harkema. It wie al gau in sukses. Dźrom is it bedriuw yn 2014 al ferhuze nei in moaie gruttere loads op De Splitting yn Harkema. En no binne hja krekt klear mei in ferbouwing. “The Gym” is folslein fernijd

De hear Brouwer is hiel tefreden mei it risseltaat. FNP Achtkarspelen seach ek dat alles der hiel goed śtsjocht. It is in prachtich fitness sintrum wurden. Brouwer wurket hjir tegearre mei 2 meiwurkers en hat der ek noch 1 stazjźre by.
“The Gym” hat ūngefear 400 klanten, wźrfan san 70 bern. Hiel populźr is it kickboksen by de bern. Se krije hjir les yn en dźrtroch krije se mear selsfertrouwen.

Se leare hjirtroch better foar harren sels op te kommen. Dźrneist kin eltsenien fan jong oant āld telāne yn de sportskoalle anneks fitness-sintrum. Jo kinne hjir oan jo kondysje wurkje mar ek traine foar sporten sa as taikwondo, kickboksen ensfh.
Ek wurket The Gym gear mei fysiotherapy-sintrum De Vesteynde śt Būtenpost.

Nei de kofje liede de hear Brouwer de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rūn troch syn fernijde sportskoalle en demonstrearre de wurking fan in oantal fitness-apparaten. De FNP’ers betanken Brouwer mei in typysk FNP kadoke foar de nijsgjirrige wurkbesite.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie