21
do, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
LJOUWERT - It tal Friezen dat Frysk lêze en skriuwe kin, is yn de lêste 12 jier in bytsje tanommen. Dat docht bliken út De Fryske Taalatlas 2020, de Fryske taal yn byld. Hast 6.500 ynwenners fan Fryslân follen in enkête yn oer it gebrûk en it eigen nivo fan de Fryske taal. It persintaazje ynwenners dat Frysk ferstiet en sprekt is stabyl bleaun.

De resultaten fan de enkête binne bemoedigjend. It Frysk hat in sterke posysje yn de mienskip. Sawol jongerein as âldere Friezen prate de taal faak. Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de sterke rol dy’t it Frysk spilet yn it deistich libben. “Wy sjogge dat in protte Friezen noch altyd in grutte wearde hechtsje oan de Fryske taal. It heart by harren identiteit, se binne der grutsk op. Dat is moai om te sjen.”

Poepjes sjocht ek punten fan omtinken. “De Fryske Taalatlas jout in posityf byld, mar wy moatte omtinken hâlde foar it behâld fan de taal. De oerdracht fan de taal oan nije generaasjes is wichtich om it Frysk ek yn de takomst sa’n sterke posysje behâlde te litten. Dêrom wurkje wy mei it plan Taalplan Frysk-2030 oan it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis. Mei projekten op alle skoalnivo’s krije alle bern yn Fryslân de kâns om de Fryske taal te learen”.

Taalplan Frysk-2030
Yn alle ûnderwiissektoaren set de provinsje folop yn op it ferbetterjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Neist it struktureel fuortsterkjen fan it Frysk as skoalfak yn it primêr en fuortset ûnderwiis, wurdt it Frysk ek stimulearre mei bygelyks lêsbefoarderingsprojekten yn de foarskoalske edukaasje, it primêr en fuortset ûnderwiis. Yn it middelber en heger beropsûnderwiis wurdt der, neist de mooglikheid taalfeardigensfakken te folgjen, omtinken jûn oan de posysje fan it Frysk yn it deistich libben en de takomstige beropskontekst. Sa wurdt it Frysk struktureel fuortsterke en wurde learlingen taret op libje en wurkje yn Fryslân.

Oer de Taalatlas
De Fryske Taalatlas jout ien kear yn ‘e fjouwer jier in oersjoch fan it behearskingsnivo en it gebrûk fan de Fryske taal troch ynwenners, oerheden, ûnderwiis en bedriuwslibben. De basis fan de atlas is it fjouwerjierliks taalûndersyk fan de provinsje ûnder de ynwenners fan Fryslân. De Fryske Taalatlas 2020 is de fjirde edysje nei eardere útjeften yn 2007, 2011 en 2015. De folsleine Taalatlas 2020 kinne jo hjirûnder dellade.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie