BURGUM - Tongersdei 29 juny fierden Liekele en Rinske Paulusma ut Burgum dat sy 60 jier ferlyn trouden. Liekele en Rinske Paulusma wenje sûnt in skoftsje yn Burgum. Foarhinne wennen sy oan de Hearrewei yn Sumar. Sy krigen 3 soannen dy't allegear mei de froulju ticht om heit en mem hinne wenje. 3 Bernsbern en 3 oerpake- en beppesizzers soarchje foar in kreas neiteem.
Tidens de iepen resepsje yn De Hûskeamer te Âldegea koe elkenien it lokkige pear lokwinskje. Wethâlder Geerling Schippers brocht moarns de lokwinsken oer, út namme fan boargemaster Jeroen Gebben en de gemeente Tytsjerksteradiel.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121