BUITENPOST - It kolleezje fan boargemaster en wethâlders docht yn de nije Nota Frysk taalbelied konkrete beliedsútstellen om de posysje fan it Frysk yn Achtkarspelen te ferbetterjen. It giet dan bygelyks om it stypjen fan it Frysk yn it ûnderwiis en it befoarderjen fan it Frysk by de jongerein troch it útskriuwen fan in wedstriid foar in Fryske app of game.
De doelstelling fan it Frysk taalbelied is it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal yn Achtkarspelen. ‘Achtkarspelen is twatalich. Jo soene ferwachtsje dat Frysk en Nederlânsk min of mear in lykweardige rol spylje yn it deistich ferkear. Dochs is dat alderminst it gefal,’ seit wethâlder Sjon Stellinga. ‘Reden genôch om it spesifike plak en de posysje en rol fan it Frysk yn ús mienskip neier te tsjutten.’De doelstelling fan it Frysk taalbelied is it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal yn Achtkarspelen. ‘Achtkarspelen is twatalich. Jo soene ferwachtsje dat Frysk en Nederlânsk min of mear in lykweardige rol spylje yn it deistich ferkear. Dochs is dat alderminst it gefal,’ seit wethâlder Sjon Stellinga. ‘Reden genôch om it spesifike plak en de posysje en rol fan it Frysk yn ús mienskip neier te tsjutten.’
Lykweardigens
It taalbelied is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Boargemaster en wethâlders fine it wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe en fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan inoar. Alle bern nei LF2018-projekt ‘Lân fan taal’Ien fan de projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018 is ‘Lân fan taal’. Yn 2018 is der in Taletún yn Ljouwert, dêr’t bern mei de taal boartsje en de taal belibje kinne. It kolleezje wol dat alle bern yn Achtkarspelen fan it foarskoalsk oant en mei it fuortset ûnderwiis nei it projekt ‘Lân fan taal’ ta kinne.
Meartalich opgroeie
Meartalich opgroeie is in wichtich elemint yn de berne(taal)ûntwikkeling. De gemeente wol dat graach stimulearje troch by jonge âlden it praten fan it Frysk tsjin bern mear foar de oandacht te bringen. Ek wolle b&w basisskoallen oantrune om struktureel belied te formulearjen foar meartaligens yn foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis.
Jongerein en Frysk
Foar de jongerein wol de gemeente in wedstriid útskriuwe foar in Fryske app of game mei as doel it Frysk ‘hip’ te meitsjen. Ek wol de gemeente jongerein stimulearje presintaasjes oer it eigen doarp yn it Frysk te jaan. GemeenteriedIt kolleezje freget de gemeenteried jierliks in ekstra bedrach fan € 6.000 beskikber te stellen foar it útfieren fan de nije útstellen. Op 21 septimber sil de ried de Nota Frysk taalbelied beprate.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121