SUWALD - Yn it Pr. Margrietkanaal by Suwâld leit it ponton klear foar de fartocht nei it ''Veenhoopfestival 2017''. It driuwende platfoarm is noch lang net klear op tiisdeijûn en doe waard der rêstich wurke mei in lyts ploechje mannen. Op tongersdei is it drokker en wurdt hurd wurke, sawol op it ponton as yn'e hichte. De teksten op'e keten litte neat oer oan de fantasije, mar der lizze noch spuitbussen klear. Der komt in sit, dûnsdek en in tinte foar de besikers fan De Veenhoop. Sa'n 50 minsken sille de fartocht freed meimeitsje. Dan set It festival yn Suwâld út ein!
{gallery}Syta/boot4817{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121