BURGUM - Aldere en âld-Burgumers kin je herkenne oan it brûken fan eardere strjitnammen. Bygelyks 't Krolsloantsje (Westersingel), de Lykwei (Kerklaan) en de Achterwei (Menno van Coehoornwei). De Achterwei wie foar 1970 in earmoedige buurt. Mar der wenne in prachtich slach minsken mei de meast moaie ferhalen. Dy ferhalen sille op freed 26 jannewaris yn 't Roodhert, oer it fuotljocht brocht wurde.
It binne ferhalen oer Reade Frâns, Harm fan Bûnte Rinse, Gryt Grup, Berend en Sybe, Alde Klaas, ensfh.
Ferhaleferteller: Klaas R. Henstra
Onderwerp: It jild fan Berend: humor op de Achterwei
Datum: Freed 26 jannewaris 2018
Oanfang: 19.30 ûre
Plak: Boppeseal 't Roodhert, Skoallestritte Burgum Yntree: Om 'e nocht
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121