BURGUM - Maandag was de eerste dag van het nieuwe vervoerssysteem Jobinder. Deze partij verzorgt het leerlingenvervoer onder andere voor de gemeentes Achtkaspelen en Tytsjerksteradiel. Helaas is dit op de eerste dag bij een aantal ouders niet goed verlopen. Dit levert een begrijpelijke onrust op, het gaat hier tenslotte om een kwetsbare doelgroep.
Verklaring Pytsje de Graaf
Wy fine it tige spitich en ferfelend dat der by guon minsken ûnrêst west hat en miskien noch wol is oer ús nije ferfiersysteem. Op sa’n earste dei geane der dingen net goed. Fansels is dat ferskriklik spitich foar de minsken oer wa’t dat giet. En hielendal foar dizze doelgroep. Foar net ien is feroaring noflik, mar foar dizze kwetsbere bern en harren âlders al hielendal net. Gelokkich is it grutste part fan de bern wol goed te plak kommenVerklaring Wy fine it tige spitich en ferfelend dat der by guon minsken ûnrêst west hat en miskien noch wol is oer ús nije ferfiersysteem. Op sa’n earste dei geane der dingen net goed. Fansels is dat ferskriklik spitich foar de minsken oer wa’t dat giet. En hielendal foar dizze doelgroep. Foar net ien is feroaring noflik, mar foar dizze kwetsbere bern en harren âlders al hielendal net. Gelokkich is it grutste part fan de bern wol goed te plak kommen
Der binne in soad fragen west oer wêrom’t de bern let te hearren krigen wa’t de sjauffeur wie. Dat hat te krijgen mei twa saken: we hawwe de rûtes werom oanpast nei de al besteande rûtes om krekt ûnrêst te ferminderjen. En oan de oare kant ferrûn de oergong fan it personiel oars as oars. De sjauffeurs dy’t al by in nij bedriuw aksepteard hiene, seine op it lêste momint ôf. Guon dêrfan pas ôfrûne sneon. Dan kin de nije sjauffeur dus ek pas let op besite by de kliïnt. Dat fine wy fansels spitich, it is eat dat wy yn it foar ek net foarsjoen hiene.
Op dit stuit rjochtsje wy ús op it oplossen fan de gefallen fan hjoed, sadat we moarn alle bern goed en op tiid te plak krije.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121