MUNEIN - Toanielferiening It Nije Doarp út Mûnein spilet op freed 2 en sneon 3 maart wer in skitterjende klucht! Sûnt septimber is de toanielploech drok oan it oefenjen foar it stik ‘It lit de pastoar kâld’ fan Edward Bastiaansen, oerset yn it Frysk troch Abele Krist.
En dat it in klucht is, dat is wol dúdlik. Allerhande betizingen soargje foar in jûn fol wille. De parochy fan Mûnein sit yn jildpine! It fuortbestean fan de parochy giet de pastoar tige oan it hert en dêrom hat hy de biskop en susterparochy Bouli-Bouli om stipe frege. Lykwols is de help dy’t de pastoar krijt dochs net hielendal wat hy der fan ferwachte hie. De biskop stjoert syn sekretaresse om it fersyk om stipe te beoardieljen en Bouli-Bouli stjoert Mayamba mei in sek fol jild.
Slagget it de pastoar en syn gefolch om de sekretaresse te oertsjûgjen fan de needsaak fan it behâld fan de parochy fan Mûnein? Der wurde allegear frjemde fiten úthelle om dit foar inoar te krijen, mar slagget dit ek. Beneid hoe’t dit ôfrint? Kom dan allegearre op freed 2 as sneon 3 maart om 20:00 oere nei Kafee ’t Mounehoekje yn Mûnein. De seal giet om 19:00 oere iepen, kaartferkeap is oan de doar. Sneontejûn is der nei ôfrin muzyk fan Michiel en Pieter Veenstra.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121