24
zo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
SURHUISTERVEEN - In flinke groep kandidaat-riedsleden fan de FNP Achtkarspelen hat moandei 19 febrewaris op wurkbesite west by bêd- en skomfabryk AVEK yn Surhústerfean. De FNP’ers waarden gastfrij ûntfongen troch de beide direkteuren Kok. De kofje mei koek stie klear en dêrnei waarden de FNPers troch middel fan in powerpoint-presentaasje bypraat oer hoe’t de AVEK ûntstien is en wat se allegear meitsje ensfh. De beide direkteuren fertelden wiidweidich oer hun bedriuw en de FNP-ers koenen ûndertusken gewoan fragen stelle oan hun.


De namme AVEK bestjut: Arbeid, Vlijt en Kwaliteit.De namme AVEK bestjut: Arbeid, Vlijt en Kwaliteit.
It bedriuw AVEK bestiet al sûnt 1927. It is begûn as in lytse bêdenmakkerij en se waarden al gau in echt bêdfabryk mei meardere wurknimmers.
Men makke bêden op maat foar yn de bedstee. En it bedriuw begûn yn de Van Kammenstrjitte. It bedriuw groeide dus al gau yn it begjin en yn 1932 gong men al oer nei de besteande lokaasje op de hoeke van de Grinzerstrjitte en Warreboskleane.

Yn 1964 hat de fabryk in twadde tak derby krigen, doe is der in skomfabryk “AVEK-foam” begûn. It makket ûnder oaren komfort-skommen foar bêden, ruwe skomblokken ensfh.
Yn de rin fan de jierren is de AVEK hieltyd in 100 % famyljebedriuw bleaun en is ek fierder groeit en modernisearre.
It bedriuw bestiet no 91 jier en hat fansels goeie en ek wol wat minder goede jierren hân.
Op it stuit giet it prima mei de beide fabryken. AVEK makket kwaliteitsbêden yn it bettere segment. Ek makket AVEK ûnder oaren matrassen, spiraalbodems en boxsprings. Men levert bygelyks oan defensje, hotels, de COA, bungalowparken ensfh. Ek de fryske identiteit probearret AVEK yn har produkten te bringen.

Op it stuit wurkje no san 70 minsken by beide bedriuwen.
De AVEK is echt in begrip wurden foar it doarp Surhústerfean en ek foar Achtkarspelen.
Oan it ein fan de wurkbesite waarden de FNP-ers rûn lieden troch de bêdenfabryk fan AVEK troch de beide hearen Kok.
De FNP-ers betanken dêrnei de hearen Kok foar de hertlike ûntfangst en de moaie wurkbesite. As tank krigen sy in fles wyn foar thús fan de FNP.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie