24
zo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
BUITENPOST - In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat moandei 26 febrewaris op wurkbesite west by Essentra Extrusion yn Bûtenpost. Dit is in grut en wichtich bedriuw foar Bûtenpost en dermei ek foar Achtkarspelen. Op dit stuit wurkje der sa’n 240 minsken, dus ek de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen hat flink baat by dit bedriuw. De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien direkteur fan Essentra dhr. H. Schootstra.


Under it genot fan in bakje kofje mei koeke fertelde Schootstra entûsjast oer syn bedriuw en hy makke derby gebrûk fan in digitale presentaasje.
Essentra is begûn as bedriuw ûnder de namme Enitor. It is sa’n 80 jier lyn begûn yn Ljouwert. Nei de twadde wrâldkriech kaam Enitor nei Bûtenpost ta. Se makken foaral yn die tiid kettingkasten en jasbeskermers. It wie in famyljebedriuw. Yn it jier 1998 is it bedriuw ferkocht en is it in ûnderdiel wurden fan de Ingelse Essentra PLC groep. Dit grutte konsern is fertsjinwurdige yn sa’n 33 landen en ferkeapet syn produkten oer de hiele wrâld hinne. Sunt 2015 is de namme fan Enitor yn Bûtenpost no ek feroare yn Essentra.

Essentra Extrusion is in bedriuw dat kunststofprofylen makket. Troch ferwaarming fan korrels en poeders ûnstiet in kunststofprodukt en dan meitsje se dêr wer kunststofprofylen fan (mei help fan ferskillende matrijzen). Tusken de 70 en 80% fan har produkten binne foar de export.
Essentra makket produkten foar yn hiel protte doeleinen sa as bygelyks: by wenningbou, slútsystemen, fentilaasje, airco, meubels, doarren, kassenbou, wettersúvering, swimbadtekkens ensfh.

Transportbedriuw Niek Dijkstra (foarhinne Bûtenpost) is hun fêste transportbedriuw, dus ek yndirekt smyt Essentra wurkgelegenheid op foar de regio.
Essentra sit midden yn it doarp Bûtenpost en se sitte hjir mei in protte nocht. De ynwenners fan Bûtenpost ha frijwel gjin oerlêst fan it bedriuw seit dhr. Schootstra.

Omdat se in gemysk bedriuw binne wurdt Essentra troch de FUMO goed kontrolearre. Essentra wurket dêrom ek oan goede kontakten mei de buert en it doarp. Tagelyk hat men in goede kontakten mei de gemeente.

Nei de kofje liede de hear Schootstra de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it fernijde bedriuw en demonstrearre de wurking fan it bedriuw.
De FNP’ers betanken Schootstra dêrnei mei in typysk FNP kado foar de nijsgjirrige wurkbesite.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie