21
do, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
BUITENPOST - Tsien spilers nimme harren publyk mei nei de ein fan de jierren ’40. De oarloch is oer en dien en it minskdom bliuwt mei twa fragen sitten. Wat hat de oarloch ús brocht? Wat hat de oarloch ús ôfpakt? Joe Keller, in man fan kwizekwânsje, wie tusken ‘40 en ’45 drok yn’e skrep mei kompanjon Deever om it leger fan wapentúch te foarsjen. t leger raasde sa bot om guod dat der hast net tsjin te leverjen wie. It gie dan ek net altiten like goed. Ek hienen de Kellers twa soannen en no noch mar ien. Wat is der allegearre bard yn en nei dy ferskriklike oarloch?

'Al myn soannen' is in prachtich mar foaral oangripend stik fan de Amerikaanske skriuwer Arthur Miller dy’t ús njonken dizze klassiker ek “De dea fan in hannelsreizger“ en “Sjoen op in distânsje” neilitten hat. Henk Roskammer, Kriteman yn ieren en sinnen, docht mei dit stik syn rezjy-eksamen. Foar it Bûtenposter toaniel makke Dictus Benedictus, ek Kriteman, in nije Fryske oersetting op sneon 4 en 11 maart yn The Point te Bûtenpost om 20.00 oere – kaartferkeap oan de seal Ynfo: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie