25
ma, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
GARYP - Op freed 8 juny wie it feest by Kinderopvang Garyp. De lokaasje fan Freerk en Lynke Reitsma wurket sûnt 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat is mei de bern fierd. Sy hawwe de sertifikaten ‘Bernedeiferbliuw en pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen en oanslutend wie der in poppeteater fan Tomke foar de jongste bern. Foar de âldere bern wienen der ferskate spultsjes en sy mochten har eigen pofferkes bakke.


Kinderopvang Garyp en twatalichheid
Kinderopvang Garyp is in partikuliere berne-opfang. Der is opfang foar bern fan 0 oant 4 jier, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang. Sy binne fêstige yn de âlde molkfabryk fan Garyp.

By Kinderopvang Garyp prate alle pedagogysk meiwurkers konsekwint Frysk mei elkenien. It Nederlânsk kriget in plak yn ôfbeakene taalaktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
 
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Kinderopvang Garyp west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De liedsters kieze wol hiel bewust wat se oanbiede wolle en wikselje harren oanbod ôf. Sa is der foar de pjutten altiten wer wat “nijs” te ûntdekken. Yn it neipetear fertelde Fokalien dat se de byb ynskeakelje as se mei in nij tema begjinne. De byb soarget dan foar materiaal dat by it tema past.’
‘Wat ek opfalt is dat de liedsters hiel entûsjast binne en hert ha foar harren wurk en pjutten. Wat moai om te sjen! Se witte de pjutten in krûp, in triuwke yn ‘e rêch (figuerlik fansels) of, rêstich en leafdefol, in dúdlike grins oan te jaan.’

‘Ik ha in noflike moarn hân op pjutte-opfang Tomke. Wat my hiel bot oanspruts wie dat de bern liedend binne. Der is in dúdlike reade tried te sjen, mei romte foar ynbring fan de pjutten. Al mei al in prachtich, feilich en noflik plak mei rike taalmominten foar pjutten om harren fierder te ûntwikkeljen.’
By it sertifisearringstrajekt krijt de lokaasje begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie