27
za, apr
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
LEEUWARDEN - Arno Brok is woansdei ynstallearre as kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat barde yn in bysûndere gearkomste fan Provinsjale Steaten yn oanwêzichheid fan hûnderten gasten.


Minister Ronald Plasterk fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes stelde it op priis persoanlik de nije kommissaris ‘ôfleverje’ te kinnen en winske him dêrby in soad nocht ta.
Fise-foarsitter Douwe Hoogland sketste de beneamingsproseduere en wêrom’t Fryslân wiis mei dizze kommissaris wêze kin.

Ut namme fan it kolleezje fan Deputearre Steaten die deputearre en tagelyk loko-kommissaris Sander de Rouwe te witten dat ek it kolleezje tige wiis is mei de beneaming fan Brok: in kundich bestoerder mei in Frysk hert.
Direkteur Bert Looper fan Tresoar joech yn in kollum in fyzje op de histoarje fan Fryslân en de Friezen.
Ek de doyen fan de kring fan kommissarissen, de kommissaris fan de Kening yn de provinsje Gelderlân, de hear Clemens Cornielje, kaam oan it wurd mei in kollegiale bydrage.

De ôfgeand kommissaris, Joan Leemhuis-Stout, lange Brok symboalysk de foarsittershammer fan de Fryske Steaten oer neidat se oerienkomsten en ferskillen sketst hie tusken de amten fan kommissaris en fan boargemaster.
De nagelnije kommissaris Brok joech yn syn Frysktalige taspraak oan it in foarrjocht te finen om yn Fryslân oan ‘e slach te gean as kommissaris. Hy sil him ûnder mear ynsette foar bestjoer, kultuer en it byelkoar bringen fan minsken.

In muzikaal yntermezzo waard fersoarge troch de jonge fioelist Tim de Vries. Hy waard dêrby op ‘e piano begelaat troch Remon Holsbergen.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie