EASTERMAR - By de brân op rekreaasjepark Onder de Linde yn Eastermar binne gjin sjalets fernield rekke. Dat lit de brânwacht woansdeitemoarn witte. Yn earste ynstânsje waard tocht dat sa'n fjouwer of fiif sjalets skea oprûn hiene, mar by in neiere ynspeksje hat bliken dien dat dat net it gefal is. Alle sjalets binne yntusken fentilearre en de fakânsjegongers binne werom. De brân begûn woansdeitemoarn betiid yn in skuorre en sloech oer nei de neistlizzende kampearbuorkerij. Dêr wiene op dat stuit fjirtjin jongeren. Sy koene de pleats sûnder problemen útkomme.
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121