EASTERMAR. It beheljen fan it IFKS-kampioenskip yn ‘e A-klasse troch it Eastermarder skûtsje is foar de organisaasje fan it Easterbarren reden om foar in ekstra huldiging romte te sykjen yn har programma fan saterdeitejûn. Dat is slagge. De prestaasje sprekt sa ta de ferbylding fan ‘e Eastermarders dat de bemanning fan it doarp Eastermar nochris yn ’t sintsje set wurde sil. De planning is dat skipper Geale Tadema en syn ploech tusken 19.15 en 19.45 o. op it doarpsplein troch it bestjoer fan Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) ûntfongen wurde sille om it sylresultaat ’18 mei belangstellenden te fieren.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121