BUITENPOST. Acht Kolleezje,
In skoftke lyn is der troch it kolleezje besletten (nei lang oantrunen fan de FNP) dat de subsydzje dy’t ferliend wurdt oan de ferskate besteande âldereinbeweechgroepen yn Achtkarspelen, foarearst gewoan trochgean soe. It kolleezje woe dêr earst mei ophâlde omdat der ûnferklearbare lytse en grutte ferskillen wiene yn de subsydzjebedragen. De hersjenning fan dizze subsydzje hie mei as doel dat dy ferskillen lyklutsen wurde soene. Dizze âldereinbeweechgroepen binne gjin stifting of feriening en de subsydzje soe dan ek yn striid wêze mei de ASV. No is der op 27 july 2018 in brief ferstjoerd troch gemeente Achtkarspelen oan dizze groepen, dêr blykt út dat de subsydzje stoppet mar dat hja yn stee dêrfan de hier deklarearje meie by de gemeente en dan krije hja it bedrach wat hja earst oan subsydzje krigen.
Foar de dúdlikheid: krige sportgroep 55 + út Bûtenpost earst € 35,- subsydzje dan kinne hja yn stee dêrfan in bontsje ynleverje en krije hja maksimaal € 35,-. Dochs de ferskillen binne der noch altyd.
In foarbyld:
boppesteande groep ( vr. 16.45 – 17.45) krijt € 35,- (tenei yn de foarm fan deklaraasje) wylst deselde soart groep (vr. 15.45 – 16.45) € 248,- krijt. (€ 248,- tenei ek yn de foarm fan deklaraasje.)
Wy ha hjiroer de folgjende fragen:
1. Isdizzebriefekneideâldereinsosengong?
2. Hawwe der ek petearen west mei de âldereinbeweeggroepen en/of âldereinsosen oft hja ree wiene om in stifting of feriening te wurden, sadat hja dan wol rjocht ha op subsydzje?
3. Is de mooglikheid ek besjoen om dizze groepen ûnder de Pleatslike Belangen falle te litten?
4. Is it kolleezje it mei ús iens dat it nergens op liket dat der sokke grutte ferskillen yn de bedragen binne?
5. Wat sil it kolleezje der oan dwaan om dizze ferskillen op te heffen?
6. Fallederekgroepen,kluppendy’tditsoartesosjaalkultureleaktiviteitenútfiereen gjin subsydzje krigen no wêr bûten de boat?
Ut namme fan de fraksje FNP Achtkarspelen,
Mefr. M. Dotinga-van der Veen
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121