25
ma, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
BUITENPOST - Op de ledegearkomste fan de FNP is op freed 28 septimber Gerben Gerbrandy (Gau) keazen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. Gerbrandy is no noch boargemaster fan Achtkarspelen. Foar de FNP-list fan Wetterskip Fryslân is Bram Bonnema fan Frjentsjer listlûker wurden. Bonnema hat earder wethâlder west yn ferskate gemeenten. Yn in bomfolle seal (130 minsken) yn hotel-restaurant Duhoux yn Wurdum hawwe de leden fan de FNP de konsept-listen foar senaat en Wetterskip fêststeld sa’t se opsteld wienen.


Op de list foar de Earste Keamer, dêr’t de FNP fia de OSF (Onafhankelijke Senaatsfractie) meidocht, is partijfoarsitter Cees van Mourik (De Gaastmar) troch de leden as twadde keazen.
 
Foar it Wetterskip binne op de plakken twa oant en mei seis keazen: Yde Dijkstra fan Ljouwert (2), Bert Vollema fan Tsjom (3), Jan van der Kooi fan Ryptsjerk (4), Wietske Poelman fan Gerkeskleaster-Strobos (5) en op plak 6 Jeltsje Piersma fan Riis.
 
Yn de OSF sil no fia in ynterne ferkiezing in definitive list opsteld wurde foar de Earste Keamer. Mocht Gerbrandy senator wurde ‘dan is it plan foar de ôfskaffing fan de dividindbelesting fuort’, sa wie syn sizzen ôfrûne freed.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie