24
zo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
KOOTSTERTILLE - Oan 'e Harstewei ûnder de Koaten leit al jierren in ‘swart krús’, oftewol in saneamd poepekrús. Op dat plak dêre hat men eartiids in dútske hantsjemier fermoarde, doe't dy mei syn fertsjinne lean wer op hûs yn soe. It poepekrús is yn 'e berm dêre as oantinken yn’e swarte grûn útgroeven. Men moat jin der om besauwe. FNP Achtkarspelen fynt dat op hiel koarte termyn it poepekrús wer yn syn âlde gloarje hersteld wurde moat en hat fragen foar it college fan B&W.

1. Hoe kin it dat it poepekrús sa fertutearze is en der gjin geregeld ûnderhâld plak fynt?
2. Sil der meikoarten aksje ûndernaam wurde om it poepekrús yn syn âlde hear en fear te herstellen?
Ein foarige ieuw hat de gemeente der in grouwe balstien mei ynskripsje bysetten. It ynstân hâlden en ûnderhâld
fan it poepekrús en de tinkstien leit yn hannen fan de gemeente. Sa’t it poepekrús der hjoeddedei hinneleit is beskamsum.
3. Kinne wy der fan op oan dat tenei jierliks geregeld ûnderhâld plak fine sil, sadat wy as gemeente ús hjir net wer oer hoege te skamjen?
4. Binne jim it boppedat mei ús iens dat de kealslach fan de singel efter it poepekrús sa net útfierd wurde moatten hie? Hokker aksje sil hjir op naam wurde?

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie