29
ma, apr
0 Nieuwe art.
Advertentie:
×

Fout

[SIGPLUS_EXCEPTION_FOLDER_BASE] Afbeeldingsmap %s gedefinieerd in de administration back-end moet een relatief pad hebben vanaf de Joomla root.

Nieuws
JISTRUM - Wat in belangstelling wie der ek op sneon foar it stik ´Oe Griis´, spile troch Toanielferiening De Snieskeppers Jistrum. De Phoenix siet ''nokkienokkie'' fol!
Fertsjinne om´t der in protte tiid en enerzjy ynstutsen wurden is. Prachtige filmkes en lietsjes mei spilers dy't it bêste út harren sels helje woene. It wie in plaatsje om nei te sjen. Oeral en yn alle hoeken fan de seal barde wat yn in sels betocht stik! Werom sjen yn'e tiid mei Harm en Trienke mei in sauske Grease. Freed 10 maart is de romantyske komeedzje ''Oe Griis'' noch ris te sjen. Yn Jistrum stiet it toaniel wer fêster yn'e mienskip!


''Oe Griis''
Yn 2016 is yn Gytsjerk troch toanielferiening Sabeare dit nije Fryske stik foar de earste kear spile. In troch Anneke Hogeveen betochte komeedzje mei in knipeach nei de film ''Grease''. De John Travolta en Olivia Newton John binne yn Jistrum Harm en Trynke, dy't mei en tusken de taskôgers yn'e seal, werom sjogge yn'e tiid. Ferhalen oer twa jonge minsken mei ''Rock & Roll'', freonen en romantyk op strjitte, by de kapper mei fetkuiven en petticoats en yn'e garaazje mei stoere brommers. Sjoerd as de jonge Harm en Wiena Dijkstra as de jonge Trienke spylje harren moeting en dy mei freonen.

De Phoenix romte brûke
Sneon wie it grôtfol yn de seal: stuollen der by en taffeltsjes oan de kant. Yn it midden fan de seal lei in lange ''catwalk'' foar de op- en ôfrinnende spilers, mar boppedat riden ek in brommer en in scooter hjir oer hinne.

''Oe Griis'' is ''ôfgryslik'' mar dan posityf!
Mei in trochtochte kleuren kombinaasje op it toaniel en klean wie it in sfearfol byld. Sjonge foar sa'n folle seal is in útdaging as jo dat foar de earste kear dogge, mar it slagge goed en eltse foarstelling komt der mear lûd de seal yn ek troch de gearwurking mei de band ''Kakophonic'' ( De Brommer) ek út Jistrum.

Der kin net allinne lake wurde
It is in komeedzje en de grapkes wurde sneon goed ûntfongen. Hilarysk wiene de sênes by de kapper, mei in teepûdsje, The Blues Brothers en it stoer en fereale tsjispeljen.
Nammen neame moat eins net, mar moai is it om te sjen dat der nije spilers op it toaniel steane sa as Mariska Dijkstra as Okje, Hielkje Hamstra as Alie, Annie Wilkens as Elly, Wilma van der Sluis as Richtsje, Jolanda Storm as Matsje en Johannes Pitstra as Joast. Hedzer Bergsma as Gjalt is dit jier werom en sûnder dizze minsken hiene Harm Hamstra, Trienke van der Veen, Sjoerd Hamstra, Wiena Dijkstra, Mariska Lap, Marco Boonstra, Hein Posthumus en Tjalling Muller fan dit stik ''Oe Griis'' neat meitsje kinnen..
Ek de wrakselers Wessel Alma en Doeke Dijkstra, Jan Wagenaar as skiedsrjochter en Dietie Taekema as treenster wiene funksjoneel yn harren rol op it skerm.
Ynstekster Jannie Kuipers hie neat te dwaan en dat is in skouderklopke wurdich. De kapsters Alie Douma en Marije Zuidema ha dûbel wurk hân fan de kaugom yn it hier!
De schminksters Petra Hamstra en Dietie Taekema soargen der mei Brenda Kempenaar en Willianne Douma, fan it ljocht en lûd foar, dat it hiele stik roun as in klokje!

Kees Westra

{gallery}nieuws/Oohgriiz{/gallery}

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie