TWIJZEL - In grutte delegaasje fan de fraksje en it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen is moandei 17 desimber op wurkbesite west by firma Rients Faber yn Twizel. Sake v/d Meer as fraksje foarsitter fan FNP Achtkarspelen sei tsjin dhr. Rients Faber dat we graach as fraksje witte wolle, wat der sa libbet yn de doarpen en de bedriuwen yn ús gemeente Achtkarspelen.
Dêrom geane we regelmjittich as fraksje op wurkbesite troch de gemeente. Rients Faber naam dêrnei it wurd. Ûnder it genot fan in bakje kofje fertelde Rients Faber enthousiast oer syn bedriuw. Hy sei dat it bedriuw út in lyts bedriuw wei opbout is. Firma Rients Faber is in ljocht, lûds- en byldbedriuw.
Hja binne foaral bekend yn de omjouwing troch harren prachtige krystshow mei ferljochting. De hiele buorkery (wêryn it bedriuw festige is) is hiel moai ferljochte mei allegearre ljochtsjes bûten. Mar it meast wichtige part fan it bedriuw is it lûds-underdiel. Hja leverje byld, mar foaral lûds-ûnderdielen oan oare ynstansjes yn it hiele lân. Firma Faber levert oan tsjerken, doarpshûzen, horeka, hotels,, winkels, sporthallen en partikulieren.
Rients Faber is san lytse 40 jier lyn begûn as discjockey en sadwaande goed bekend wurden by de jeugd yn de regio. Letter begûn hy in soarte fan bemiddelingsburo foar discjockeys yn Ryptsjerk. Ûngefear 28 jier lyn kaam hy te wenjen yn Twizel. Yn dizze buorkerij hat hy syn ljocht, lûds- en byldbedriuw opbout. Op dit stuit wurkje der 8 minsken yn it bedriuw. De deistige lieding leit yn hannen fan Rients Faber en syn soan Martin Faber.
Rients Faber is best wol optimistysk oer de takomst fan syn bedriuw. It bedriuw hat in goeie namme opbout en is mei namme spesialisearre yn lûds-ûnderdielen. De saken geane goed, bygelyks it ôfrûne jier ha hja it lûd levere oan wol 10 tsjerken yn ús lân.
By it byld-ûnderdiel fan syn bedriuw hat it bedriuw hieltyd mear te meitsjen mei de nije privacy-wetjouwing. Wat mei yn byld brocht wurde en wat net.
Nei dit petear hat Rients Faber de FNP fraksje it bedriuw sjen litten. We koene oeral efkes sjen en dit wie tige nijsgjirrig.
It is de krysttiid no, dus de krystshow wie yn folle gang. Dizze krystshow hat syn bedriuw ek in protte reklame oplevere sa sei de hear Faber.
Nei noch in 2e bakje kofje en wat diskusje hinne en wer naam de FNP fraksje fan Achtkarspelen ôfskie fan firma Rients Faber.
De FNP-ers betanken Rients Faber foar de gastfrije ûntfangst. It wie in moaie en learsume wurkbesite.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121