BUITENPOST - Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Dêr hat er opliedings ta learaar Ingelsk en Frysk folge, mar is úteinlik dichter wurden. Yn 2005 waard Arjan keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert. Hy jout rûnom yn Fryslân workshops poëzy-skriuwen foar bern. Der binne ferskate boeken fan him útkommen, wêrûnder oant no ta fjouwer dichtbondels.
De meast resinte ferskynde mei de kryst fan 2016 en hjit Aurora Bossa Nova. Meast resint ferskynde in Citybook-ferhaal oer Ljouwert, skreaun yn opdracht fan Vlaams-Nederlands Huis deBuren út Brussel. Dat ferhaal, neamd ‘Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte’, is ek yn it Nederlânsk en Ingelsk oerset en is fergees as audioboek te downloaden. As Wâlddichter fan Achtkarspelen wol Arjan him fierder ûntwikkelje as skriuwer en dichter. De meast resinte ferskynde mei de kryst fan 2016 en hjit Aurora Bossa Nova. Meast resint ferskynde in Citybook-ferhaal oer Ljouwert, skreaun yn opdracht fan Vlaams-Nederlands Huis deBuren út Brussel. Dat ferhaal, neamd ‘Ik hâld fan it lûd fan in trein yn de fierte’, is ek yn it Nederlânsk en Ingelsk oerset en is fergees as audioboek te downloaden. As Wâlddichter fan Achtkarspelen wol Arjan him fierder ûntwikkelje as skriuwer en dichter.
It earste optreden fan Arjan Hut yn ús gemeente sil wêze op tongersdei 7 febrewaris by de ynstallaasje fan de nije boargemaster fan Achtkarspelen.
Kulturele en literêre libben stimulearje
Om it kulturele en literêre libben yn Achtkarspelen te stimulearjen, hat de gemeente sûnt 2009 in doarpsdichter. De eardere doarpsdichters wienen Sytse van der Werf, Ate Grypstra, Suzan Bosch en Meindert Talma.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121