BURGUM - De FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel draacht Tytsy Willemsma foar as kandidaat-wethâlder foar it kolleezje. Fraksjefoarsitter Piet Reitsma is tige optein oer de foardracht: “Mei Tytsy krije wy in bestjoerder yn ús fermidden mei in grut netwurk en in protte ûnderfining yn it iepenbier bestjoer”. Tytsy Willemsma is de beëage opfolger fan Rommert Dijk dy’t op 1 febrewaris syn funksje dellein hat.
Willemsma wurket sûnt sân jier as adviseur public affairs yn Brussel foar it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân en hat dêrfoar seis jier wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel west. Sy fynt it in eare om troch de FNP foardroegen te wurden as wethâlder: “Ik ha der in protte nocht oan om foar Tytsjerksteradiel oan de slach te gean.” Tytsy Willemsma is 47 jier en wennet yn Boarnwert.
Op 14 febrewaris ynstallearret de gemeenteried de ‘commissie onderzoek geloofsbrieven’ foar de beneaming fan de nije wethâlder. Nei alle gedachten fynt it ynswarren plak yn de riedsgearkomste fan 28 febrewaris.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121