25
ma, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
BUITENPOST - Mear romte foar wetter, natuer en rekreaasje yn de Twizelermieden en Reahel-West. De gebietsûntwikkeling yn dizze dielen fan it Miedegebiet is klear en waard op freed 8 maart feestlik oplevere. Bestjoerders fan Wetterskip Fryslân, gemeente Achtkarspelen en Staatsbosbeheer iepenen yn ‘e mande mei deputearre Kramer en foarsitter fan de gebietskommisje Nijboer de nije fyts- en kuierbrêge tusken beide gebieten.


Wetter en natuerûntwikkeling
Wetter spilet in grutte rol yn de Mieden. Om it ferdrûgjen tefoaren te kommen en it effekt fan kwel (mineraalryk wetter) grutter te meitsjen giet it wetterpeil omheech en is de wetterhúshâlding oanpast. Yn it Súdwestlik diel fan Reahel-West en yn de Twizelermieden is dat goed werom te sjen oan de wiete healannen. Bysûndere planten lykas de Djerreblom en it Bûnt hantsjekrûd profitearje dêrfan en ek greidefûgels binne sljocht op dy wiete omstannichheden. Yn it noarden fan Rehael-West wikselje petgatten, healannen en broekboskjes inoar ôf.

Partikulier natuerbehear
Yn de Twizelermieden komt sa’n 120 bunder grûn frij foar partikulier natuerbehear. Dy grûn komt ynkoarten op de merk. Ek Staatsbosbeheer beheart natuergrûn yn de Twizelermieden en Reahel-West. ‘Ik fyn it tige wichtich dat der neist romte foar natuer, ek romte bliuwt foar lânbou, foar it fee, sa’t dat yn it ferline ek wie. Ik bin der dêrom ek grutsk op dat dizze grûn aanst foar partikulier natuerbehear op de merk komt’, seit deputearre Johannes Kramer. Baukje Nijboer (foarsitter gebietskommisje Achtkarspelen-Súd): ‘Op dit stuit leit de oankeap en ynrjochting fan nije natuergrûn yn it Miedegebiet stil. Dêr meitsje wy ús as kommisje soargen oer. Wy hawwe in plan skreaun mei ideeën om de Mieden mei minder middels dochs robúst yn te rjochtsjen. Dat wolle wy yn de oankommende tiid mei partijen en omwenners fierder útwurkje.’

Fytse en kuierje
It besteande fyts- en kuierpaad yn Reahel-West is opknapt en troch in nij brechje oer de Bûtenpostmer Feart mei de Twizelermieden ferbûn. It paad rint no troch oant de Ald Dyk. Tusken de Ald Dyk en de Sânsleat is ek in nij kuierpaad oanlein, wêrtroch’t omwenners en rekreanten no in moai slachje om kinne.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie