25
ma, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
HARKEMA - In delegaasje fan de fraksje en bestjoer FNP Achtkarspelen hat koartlyn op wurkbesite west by Bijkon stiel-en systeembou b.v. yn De Harkema. De FNP’ers waarden hertlik ûntfongen troch de algemien direkteur fan Bijkon dhr. Wiep v/d Bij. Under it genot fan in bakje kofje fertelde dhr. Wiep v/d Bij entûsjast oer de aktiviteiten fan syn bedriuw en hoe alles ûntstien is. Bijkon is in wichtich bedriuw foar De Harkema en dermei ek foar Achtkarspelen. Bijkon is troch de heit fan dhr. Wiep v/d Bij yn de winter fan 1962/1963 oprjochte.


It begûn as in lyts bedriuw yn it doarp Harkema sels.It begûn as in lyts bedriuw yn it doarp Harkema sels.

It bedriuw groeide nei in oan oantal jierren út syn jaske en yn 1979 binne se dêrom ferhuze nei de hjoeddeistige lokaasje oan de Nijewei yn De Harkema oan de râne fan it doarp.
Bijkon is in spesjalisearre bedriuw, harren haad-aktiviteiten binne stielkonstruksjes en dak-en gevelbeplating.

Se leverje produkten oan en meitsje stielkonstruksjes yn hiel it lân.
Se steane goed yn de stielkonstruksje merke bekend
Se dogge foaral in protte projekten yn it westen fan ús lân.

De order-portefeuille is goed in oarder, op it stuit is der in protte wurk. De takomst sjocht der dus best wol goed út. It bedriuw makket heechweardige produkten en se moatte oan in flink oantal easken foldwaan. It bedriuw is dêrom ek CE sertifisearre.
Op dit stuit wurkje der sa’n 40 minsken (plus dêrneist ek noch wol ynhier-krêften). Ek is Bijkon in ûnderwiis-leerbedriuw en ha se regelmjittich staazjerinners. Je kin dus sizze dat de wurkgelegenheid yn De Harkema flink baat hat by dit bedriuw. De measte minsken dy by Bijkon wurkje komme ek út Achtkarspelen wei of oare dielen fan Fryslân.

It MKB is tige wichtich foar Nederlân seit dhr. Wiep v/d Bij. Dêr moatte de oerheid, provinsje, gemeenten en de mienskip wiis mei wêze. Bijkon sit oan de râne fan it doarp Harkema en se koene einliks noch wol wat ekstra romte brûke kinne om it bedriuw noch wat fierder groeie te litten.
Ek de duorsumheid fine se wichtich by Bijkon, se dogge oan ôffalskieding en foar de enerzyy-besparring binne der plannen foar sinnepanielen. It bedriuw hat goede kontakten mei it doarp en de mienskip fan Achtkarspelen.

Nei de kofje liede dhr. Wiep v/d Bij de delegaasje fan FNP Achtkarspelen rûn troch it bedriuw, kantoar en loadsen. It wie tige nijsgjirrig om te sjen wat der allegearre barde yn it bedriuw.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie