25
ma, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
BURGUM - By seis fan de tolve fraksjes yn Provinsjale Steaten is hjoed in nij kommisjelid beneamd. In kommisjelid is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Ek kin hy of sy út namme fan de fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.


Seis manlju binne hjoed troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid.


Wopke Veenstra (1962) fan Boelensloane foar de FNP, yn de foarige perioade steatelid;
Anne Schelhaas fan Blesdike foar it CDA, earder kommisjelid en steatelid 2015-2019;
Jacob van der Hoek fan Bakkefean foar de SP, earder steatelid fan 2007-2019;
Menno Brouwer fan Burgum (1957) foar de Partij voor de Dieren, programmamanager gemeente Achtkarspelen;
Gerard Timmerman (1955) fan Ter Idzert foar 50PLUS, fan ienmanssaak Twr-vastgoed;
Lieuwe van der Pol (1953) fan Wâldsein foar de ChristenUnie, dosint Applicatieontwikkeling ROC Friese Poort Snits.

Elke fraksje hat de mooglikheid om de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie