OENTSJERK - Op woansdei 22 maart wie it feest op pjutte-opfang De Wâldpykjes fan Oentsjerk. De opfang fan organisaasje Kinderwoud wurket sûnt 2013 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat dat trajekt no ôfrûne. It sertifikaat foar it twatalich wurkjen is oan liedsters Baukje, Doetie en Nienke oerlange troch wethâlder Doeke Fokkema, fan Tytsjerksteradiel.
Foar de bern hat de wethâlder in Tomkeferhaaltsje foarlêzen, oer Tomke op De Wâldpykjes. Yn it ramt fan de sertifisearring is it feestwike foar de bern. Riemkje Pitstra komt op tiisdei, woansdei en tongersdei del en spilet in foarstelling.
Twatalichheid op De Wâldpykjes
De fêste liedsters fan de Wâldpykjes prate alle trije konsekwint Frysk mei alle bern. Yn it aktiviteite-oanbod is romte foar de beide talen. De liedsters brûke Puk, boeken en ferskes foar de Nederlânsktalige mominten; Tomke wurdt by it Frysktalich oanbod brûkt.
By it sertifisearringstrajekt krijt De Wâldpykjes begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121