24
zo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
TWIJZELERHEIDE - In oantal minsken fan de fraksje en it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen is koartlyn op ien middei op wurkbesite west by 2 soarch-buorkerijen yn de gemeente Achtkarspelen, nammentlik: “De Witrik” en “Ark fan't Wyldpaed" beide yn Twizelerheide. Earst gongen se nei soarchbuorkerij “De Witrik” fan de famylje v/d Veen. Dochter Pytsje v/d Veen fertelde hjirnei in krêftich ferhaal oer de soarch-buorkerij.


Dit is in kombinaasje fan noch in echte buorkerij en fan soarch. De buorkerij hat san 60 kij (jongfee en molkfee). Fan it oerâlde Frysk-Hollânske ras.
Dizze kij wurde molken, mar ek hâlden foar de fokkerij en it fleis. Dit fleis wurdt dan ek ferkocht oan partikulieren dy it keapje kinne by de buorkerij.
De buorkerij is safolle as mooglik biologysk en duorsum fan aard.

Dêrneist hâldt de buorkerij harren dwaande mei soarch oan minsken dy dat nedich hawwe. De ‘Witrik” hat him spesjalisearre yn deibesteging foar folwoeksenen en âlderen. Derfoar ha se ek in kontrakt mei de gemeenten Achtkarspelen en Tytjerksteradiel. It doel fan deibesteging is dat yn de measte gefallen, minsken sa lang as mooglik selsstannich wenjen bliuwe kinne.

Der komme eltse wike in groepke minsken (gasten, kliënten) helpe op de buorkerij. Dizze minsken dogge fan allerhande wurksumheden. Se dogge de moestún, se helpe mei it fersoargjen fan de bisten, se iepelskille, se dogge lytse boukluskes sa as it meitsjen fan in nij kninehok ensfh. It wie hiel smûk om mei de minsken te praten dizze middei.

Nei rûnlieding, útlis fan it konsept fan de soarch-buorkerij en thee drinken mei de ferskillende gasten dy der dizze dei wiene, betanken de FNP-ers de famylje v/d Veen foar de gastfrije ûntfangst en geane se op wei nei de twadde wurkbesite fan dizze middei.

De twadde besite wie oan soarch-buorkerij “Ark fan't Wyldpaed" fan de famylje Jagersma yn Twizelerheide. Ek hjir wie der in gastfrije ûntfangst en dhr. Jagersma fertelde enthousjast oer syn bedriuw en syn fyzje op de hjoeddeiske lânbou. Hy is ek tige duorsum en biologysk fan aard.

Dizze soarch-buorkerij is noch net sa lang lyn út ein set mei soarch. Men wol hjir dat konsept noch gruttendiels opbouwe en útbouwe. Mar de fyzje hjirta is al lang lyn begûn.

Earst moast de buorkerij en it lân deromhinne op oarde brocht wurde. De famylje hat it lân op in spesjale manier ynrjochte sadat se no it offisjele predikaat “Landgoed” oan harren lân jouwe meie. Der binne nochal wat Ryksrigels wêr je oan foldwaan moatte foardat je josels “Landgoed” neame mei. Mar dat is slagge. De FNP-ers ha it “Landgoed" en het saneamde voedselbos besjoen en it is dêr yndied prachtich wurden.

In geitenhâlderij stiet ek noch op it programma. Ek krigen de FNP-ers in hiel moaie demonstraasje te sjen fan de falkenier dy mei syn rôf-fûgels ek wennet by dizze soarch-buorkerij. Dizze falkenier kin hiel goed omgean mei minsken dy help nedich ha. Hy bringt se de leafde by foar bygelyks de fûgels dy hy fersoarget.

Nei diskusje en in moaie rûnlieding troch it bedriuw en it besjen fan it landgoed naam ek hjir de delegaasje fan FNP Achtkarspelen ôfskied en betanken se dhr. Jagersma foar de gastfrije ûntfangst. It wienen 2 moaie en learsume wurkbesites by bedriuwen mei hert foar harren saken, minsken, bisten en natoer.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie