23
za, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
LJOUWERT. Troch it coronafirus lizze in soad saken yn Fryslân stil en sit in grut part fan de Friezen thús. Dêrom komt Omrop Fryslân fan moandei ôf moarns mei in spesjaal oere telefyzje foar de thússitters. Earst komme we yn beweging mei 'Fryslân Fit', folge troch 'HEA!' en de werhelling fan in programma út it rike Omrop-argyf. Kommende wike is dat 'Fryske muzyk yn Eastenryk' út 2014.

Fryslân Fit
Mei Fryslân Fit komme we thús lekker yn beweging, nei in idee fan sportynstrukteur Dirk Jelke de Boer fan sportskoalle Palestra. We begjinne mei in warming-up en dêrnei dogge we trije oefeningen. Dirk Jelke en syn twa kollega's dogge de oefeningen foar. We krije ek tips oer de attributen dy't we brûke kinne by de oefeningen, bygelyks in flesse wetter. En fansels einigje we mei in cooling-down.

"We moatte yn dizze tiden allegearre wol yn beweging bliuwe", seit De Boer. "Dêrom dogge wy ferskate oefeningen foar de spieren en de kondysje. It is te fergelykjen mei it tv-programma 'Nederland in Beweging'." Fryslân Fit is foar elkenien tagonklik. "Foar alle leeftiden en op alle nivo's."

HEA!
Nei Fryslân Fit earst mar efkes ûntspanne mei in ôflevering fan HEA!. It bekende Omrop Fryslân programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes.

Fryske muzyk yn Eastenryk
Fryske muzyk, libbensferhalen fan reisgenoaten en in wike lang nocht en wille. Dat binne de kenmerken fan it programma Fryske muzyk yn Eastenryk. Omrop Fryslân folge yn 2014 in bus fol 'hardcore' Fryske muzykfans, twa sjongeressen en fjouwer Fryske trûbadoers op aventoer yn Eastenryk.

De fjirtich âldere jongeren yn de bus reizgje harren muzykidoalen hielendal efternei nei Westendorf. Yn dat Eastenrykske doarp wurde de fans ûnderdompele yn optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. En fansels is der ek in soad lokale ferdivedaasje. Griet Wiersma: "Fan wâldpyk nei klaaiklút, it wie in moai mengelmoeske. Dat it oeral weikomt en dochs sa gesellich by mekoar is, skitterjend!"

Fryslân Fit, HEA! en Fryske muzyk yn Eastenryk: fan moandei ôf alle wurkdagen by Omrop Fryslân om 9.00 oere, 10.00 oere en 11.00 oere.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie