LEEUWARDEN. Nije wike woansdei, 15 april, is der in ekstra gearkomste fan Provinsjale Steaten om te fieren dat Fryslân 75 jier ferlyn befrijd waard. Kommissaris van de Kening drs. A.A.M. Brok hâldt dêrby in taspraak foar de Fryske befolking. De gearkomste wurdt ynklusyf taspraak streekrjocht útstjoerd op telefyzje en online by Omrop Fryslân.
Kommissaris drs. A.A.M. Brok: “It is belangryk om by dizze dei stil te stean. Frijheid is in grut guod en wurdich om te fieren en te betinken. Ek yn dizze tiden dat minsken noed hawwe oer corona. Mei-inoar dizze dei fiere ferbynt, jout krêft en treast. We meie op de 15e dêrom ek de flagge úthingje yn ús provinsje. Ik sil dêr yn myn taspraak ek op yngean.”
It wie de bedoeling om de Fryske Befrijingsdei grut te fieren. Troch de coronakrisis kin dat net. De minister fan Ynlânske Saken hie oankundige te kommen, ambassadeurs, feteranen en de leden fan Provinsjale Steaten. Yn stee dêrfan is der no in koarte gearkomste dy’t de leden fan Provinsjale Steaten digitaal, dus op ôfstân, bywenje sille.
Live te folgjen by Omrop Fryslân
De Steategearkomste is woansdei 15 april fan 09.55 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei dêryn de gearkomste, de taspraak fan de kommissaris en twa muzikale bydragen fan Elske DeWall.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121