BURGUM. Omrop Fryslân die ferline wike in oprop om minsken oan te melden dy't op Keningsdei bliid makke wurde kinne mei in doaze oranje tompoucen. De oanlieding hoechde net allinne de Coronatiid te wêzen. Dat brocht Hinke Hoogland my op in idee en sadwaande hat hja de 'Koffieleutjes' fan'e Rhala út Burgum oanmelden.
De 'Koffieleutjes' binne fiif buorfroulju: Jannie, TIneke, Sietske, Baukje en Froukje. Sy binne al jierren in foarbyld fan omsjen nei inoar en mienskipssin. It giet harren net allinne om de gesellichheid troch om de safolle tiid meiinoar te kofjedrinken, mar benammen ek om it op inoar passen en it der foar inoar wêze. Yn it ibben fan minsken barre soms dingen wêrby't jo de meiminske echt nedich ha. De 'Koffieleutjes' komme dan yn aksje. Net alline foar har fiven, mar ek foar oaren. De 'Koffieleutjes' kinne no net byinoar komme, mar sy ferjitte inoar net.
Fansels binne der folle mear groepkes oan te wizen dit soks ek dogge. Troch it earjen fan de 'Koffieleutjes' wurde dêrom ek al dy groepkes yn it sintsje set.
De froulju hienen neat yn de gaten en wienen hiel nijsgjirrich wat der dochs barre soe. It wie in hiel feestlik momint doe't de meiwurkers fan Omrop Fryslân oanrinnen kamen.
It oanbieden wie fan 'e middei streekrjocht foar Omrop Fryslân Radio en jûns op Omrop Fryslân TV.
De tompoucen hawwe hiel goed smakke en de froulju hawwe in grut komplimint jûn oan Omrop Fryslân! Klik hier voor het filmpje van Omrop Fryslân.
{gallery}Luc/2020/leutjes{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121