SURHUZUM. It is in frjemde tiid. Korona. It hâld ús alle dagen dwaande. Samar is alles oars. It gewoan is net mear gewoan. Fanút it bestjoer fan Pleatslik Belang kaam it idee om wêr nedich minsken help oan te bieden. Dit kin bygelyks in boadskipke wêze. Gelokkich hawwe wy oant no ta noch gjin oanfragen hân, mar wol in soad oanmeldings fan minsken dy’t wol helpe wolle. Tige tank derfoar!
Surhuzum soe Surhuzum net wêze as wy net njonken elkoar stean. Skouder oan skouder. Mei oardel meter ôfstân fansels.
Mei inoar troch de tiid, wy moatte sterk wêze, goed op ús sels passe, mar yn dizze tiid noch mear nei elkoar omsjen.
Op de krusing fan It Langfal/It Sûd yn it lân fan Albert Veenstra stiet no in grut spandoek “met elkaar, voor elkaar”. Hjirmei wolle wy alle Surhústers in hert ûnder de riem stekke.
Mochten der Surhústers wêze dy’t help nedich ha, lit it ús witte.
Troch de maatregels hawwe wy as Pleatslik Belang ek de ledegearkomst útstelle moatten. Wannear dit krekt plak fine sil, is noch net dúdlik.
Fierder binne der op ’t stuit gjin bysûnderheden.
Groetnis, Pleatslik Belang
Bron: website Surhuzum
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121