SUMAR. Fanôf 16 maart wiene alle skoallen slúten, ûnferwachts en net ien witst doe hoe lang it duorje soe. Moandei meie de basisskoallen wer iepen.
De masters en juffen fan It Bynt sjogge der nei út de bern moandei wer te sjen en de bern wolle nei dizze ekstra lange fakânsje ek wer nei skoalle. Se misse de freontsjes/freondinnen it boartsjen en it kontakt mei mekoar. De wolkomstgroet foar de bern op de doar fan skoalle hjit de bern moandei fan herte wolkom
It wie noch wol wat in organisaasje om de skoalle coronaproof te meitsjen. It team hat yn in gearkomst alle maatrigels besprutsen en de hannen út de mouwen stutsen.
Op de flier stean pylken mei de rûte dy't bern folchje moatte, yn de lokalen wurdt ôfstân oanjûn troch linen en strepen fan plakbân.
Bern krije les yn ferskillende groepen en op ferskillende dagen.
Groep A mei efternamme begjinnend mei de letters A-L gean moandei, woansdei en freed nei skoalle Groep B L-Z start op tiisdei. De iene wike gjit groep A 3 dagen nei skoalle de oare wike groep B.
Op dagen dat de bern net op skoalle binne kinne se thús wurkje oan de opjeften. Dizze oplossing is foarearst oant ein maaie dêrnei wurdt sjoen of der nije oanpassings nedich binne.
Masters Auke en Martin en Juf Alie wiene hjoed op skoalle mei de lêtste tariedings dwaande. De pleksyglêsskermen dy't op de tafels fan de learkrêften komme te stean binne oanlevere.
It Bynt is d'r klear foar en hat d'r sin oan. It sil earst noch wol efkes núver wêze, mar sa as alles sil dit nei in pear wiken ek wer gewoan oanfiele.
De taskes en pantoffeltsjes binne stille tsjûgen fan in abrupt ein oan in gewoane skoalledei yn maart. Yn de poppehoek wachtet in baby op in poppememke.
Moandei is de skoalle wer folt mei bern.
Bron: Facebook Sumarder Saakjes
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121