De FNP mei harren bydragen yn de Feanster Krante net mear yn it Frysk dwaan.
Artikels yn it Frysk wurde net mear pleatst troch de kranten fan de
NDC groep
Anno 2020 moatte wy yn ús moaie Fryslân noch hieltyd fjochtsje foar ús taal en kultuer.
Al jierren docht de FNP Achtkarspelen harren politike bydrage "De Spreekbuis" yn de Feanster krante yn it Frysk.
Mar dit wykein kaam it folgjende berjocht op ús bydrage wer werom. Alle klompen fan ús fraksje binne no stikken, sy brutsen dreks.
dank! even een lastige, we plaatsen geen volledig Friestalige artikelen (meer),
hooguit met bijv. citaten of specifieke woorden.
Belangrijkste reden is dat niet-Friezen, maar zelf veel Friestaligen,
niet of moeilijk Fries kunnen lezen/schrijven (bron: Taalatlas).
En we willen een krant voor iedereen zijn. Ik wil evt. wel de Friese versie op de site plaatsen.
Ik hoop dat u me kunt helpen aan een Nederlandstalige versie.
Is dit sa, wolle se in krante foar eltsenien wêze. Yn elts gefal net foar ús en in soad Friezen mei ús.
En de hoop dat de FNP in Hollânske oersetting oanleveret as it stik oerset yn it Hollânsk pleatst hawwe wol kin it jiskefet yn.
Sil de Feanster krante en de NDC fanôf no ek gjin frysktalige rouadfertinsjes mear opnimme,
as is dit oars omt der dan oan de Friezen fertsjinne wurde kin.
Dizze diskriminaasje lit de FNP Achtkarspelen net gewurde, en aksje wurdt ûndernaam.
It anty diskriminaasje buro Tumba is al oan it wurk en wy sille der by de gemeente Achtkarspelen op oantrûne
dat wy as gemeente dochs net in ynfo pagina hawwe wolle, yn in krante wêr de gemeente net Frysk kommunisearje mei en
dy't in grut diel fan harren befolking diskriminearret.
wurdt ferfolge....
Tjibbe Brinkman
FNP
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121