22
vr, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
LJOUWERT - Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne oant ‘e mei 24 maaie 2017 subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns. Mei dizze subsydzjeregeling helpet provinsje Fryslân inisjativen út de mienskip út te fieren. Yn dizze subsydzjeomgong is rom  1,4 miljoen euro beskikber.


Projekten op folle gong
Fryslân brûst fan ‘e inisjativen. Projekten dy’t earder subsydzje krigen, binne yn folle gong. Fan sportprojekten oant projekten op it mêd fan soarch en wolwêzen of natoer en lânskip. ‘De Tún neist de Branding’ is hjir in moai foarbyld fan.

It giet hjir om ien hektare neist oan de buorkerij de Branding op Skiermûntseach. Eilânners hawwe hjir mei-inoar in pluktún oanlein, mei griente, fruit en blommen fan it eilân. Neist de rispinge, soarget de tún ek foar nije netwurken, gearwurking en ferbining. De groep frijwilligers dy’t in bydrage leveret groeit. De jongste is 12 en de âldste likernôch 90 jier. De ien timmert bankjes en de oar helpt by de bou fan tunnelkassen. “It is goed om te fernimmen dat de tún no al in plak is dêr’t minsken graach wêze wolle”, fertelt de inisjatyfnimmer. De earste opbringst fan grienten, fruit en planten wurdt ein maaie ferwachte. Foar dit project krige de stifting € 10.000,- út it Iepen Mienskipsfûns.

Subsydzje oanfreegje
Inisjatyfrike Friezen kinne oant ‘e mei 24 maaie 2017 (17.00 oere) in subsydzjeoanfraach yntsjinje. De projektburo’s fan Streekwurk yn de fiif Fryske regio’s helpe de inisjatyfnimmers graach by it opstellen fan in projektplan en de subsydzje-oanfraach. Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en it oanfreegjen fan subsydzje is te finen op www.streekwurk.frl/IMF.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie