MûNEIN - Twa goed besochte toanielfoarstellingen yn 't Mounehoekje Mûnein op freed 3 en sneon 4 febrewaris. De toanielploech spilet in klucht fan Carl Slotboom: ''Fam. Bruinsma yn de bocht, oantreklike hear siket frou''. Wylst in diel fan de famylje omtinken hat foar soan Boris en besiket in wenplak mei relaasje foar him te finen, soarget in yn it paad steande motor foar ronkjende aksje op it poadium. Neat is de spilers fan Mûnein te folle om it publyk poerbêst te fermeitsjen.
In noflike jûn fuort
De spilers Douwe vd Meulen (Sjef), Sjoukje Oegema (Truus), Sytze Postma (Boris), Alie Katsma (Mien), Oeble Kempenaar (Jan), Klaas Hiddenga (Bas), Jinke Stoker (Babette) en Anne-Marc Minnema (Jeroen) gean der fanôf it begjin fol yn. Drok en lûd ferrint de kommunikaasje yn'e hûs, mar nei de hurde muzyk fan Boris syn keamer, wurdt is sels Sjef te folle. Boris soe net sa omhingje moatte en oars koe der mar better op himsels wenjen gean. Earst mar romte meitsje yn it hok en de motor ferkeapje, Der komt in advertinsje yn'e krante. As de famylje Mien en Jan Bakker útfanhúzjen komt tinke dy ek mei om Boris de doar út te krijen. Ek foar it ''probleem Boris'' komt in advertinsje yn it deiblêd. Betizing en in protte flecht op'e koai soargje foar de klucht elementen. It rint as it spoar en der is gjin hâlden mear oan. Yn alle typkes sit in protte power, mar ynstekker Hedzer de Jong hat sa goed as neat te dwaan. Dat sil grif by de repetysjes foar de rezjy, Loek Stoker, oars west ha. Op freed en sneon stie alles as in hûs. Yn in kreas dekor mei plak foar bist en blom, smiet it ljocht ,Sybren Broersma, de spilers, naturel yn'e grime (Annie Pietersma en Loek Stoker), foar it fuotljocht.
Yn it programmaboekje stiet de fraach: ''Hoe''t it ôfrinne sil?'' No, dat sit sa: oan de ein fan it stik komt alles goed en eins feroarret der neat, mar ik ha in entûsjaste en betûfte toanielferiening ''It Nije Doarp'' sjoen. En....Ek dy tawinske noflike jûn ha ik yn Mûnein hân!
Kees Westra
{gallery}nieuws/munein5217{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121