BUITENPOST - Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 komt de ferplichting foar oansluting op it gasnet te ferfallen, en dan is it oan de ferskate gemeenten om fêst te stellen as wenningen oansluten wurde op in waarmtenet as wol in oare enerzjy-ynfrastruktuer. It FNP hat hjir oer in aantal fragen foar it college. Der is op 8 maart al in ‘Green deal’ sluten om te kommen ta in oare wize fan ferwaarmjen dan mei ierdgas, dizze deal is mei nammen foar âldere wenningen.
Us fragen:. Isitkolleezjeop‘ehichtefandizzenijeregeling?
2. Isitkolleezjeekfoarnimmensomwatmeidizzeynformaasjetedwaan?
3. Saja,watsilitkolleezjefoarstappenûndernimme?
4. Is it kolleezje op ‘e hichte fan de ‘Green dea’ dy’t mei 30 gemeenten en 12provinsjes en netbehearders sluten is om te kommen de wenningen op in oare wize te ferwaarmjen dan ierdgas?
5. Is it kolleezje ek fan doel om yn elts gefal mei de SWA yn petear te gean om tekommen ta goeie ôfspraken en inisjativen om te kommen ta in oerlis mei belutsenen (bewenners) mei as doel wenningen ierdgas-frij te meitsjen?
Taljochting:Minister Henk Kamp hat op 27 juni 2017 in wetswiziging nei de twadde keamer stjoerd om te kommen ta in CO2 reduksje omt yn 2050 de CO2-útsteat nei hast nul moat, en 30 prosint troch it ferwaarmjen fan wenningen komt, en mei it ferfallen fan de ferplichting fan de gasoanslutingen by neibouwenningen in stap makke wurdt foar werombringen CO2- útsteat.
Der wurde jierliks 40.000 nije wenningen oansluten op it gasnet, wêrfan 25.000 nije leidingen oanlein wurde moatte. Der sil foar besteande wenningen in oerstap nedich wêze.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121