HURDEGARYP - Mei meiwurking fan mannichien en ûnder lieding fan dirigint Jellegeert Postma song Christelijk mingd koar Laudamus sneintemoarn 12 novimber yn in fol Nieuw Perspectief, de PKN tsjerke yn Hurdegaryp, ‘De Wrâld ús went’ Mei Frysk talige teksten fan Eppie Dam en op muzyk fan Hindrik van der Meer waard dit wurk prachtich útfierd.
In folle tsjerke, in soad bern en it koar Laudamus. Yn dizze spesjale tsjinst waard it troch Eppie Dam skreaune ‘De Wrâld ús went’ útfierd. Op muzyk fan Hindrik fan de Meer song it koar in 8 tal lieten wêr de oanwêzigen yn de tsjerke ek geregeld yn mei mochten sjonge In folle tsjerke, in soad bern en it koar Laudamus. Yn dizze spesjale tsjinst waard it troch Eppie Dam skreaune ‘De Wrâld ús went’ útfierd. Op muzyk fan Hindrik fan de Meer song it koar in 8 tal lieten wêr de oanwêzigen yn de tsjerke ek geregeld yn mei mochten sjonge.
Tekst en sang wikselen elkoar moai ôf. De teksten waarden útsprutsen troch Dûmny Geke Westra en Dhr. Jan Broersma. It koar ‘Laudamus’ song de lieten en ek in ad hoc bernekoor song in diel fan ‘De Wrâld ús went’ zich sels begeliedend mei ritme ynstrumenten. Muzikaal wie it ek treflik fersoarge, op oargel Gjildert van der Velde, op piano en ek oargel Marieke van Meer, Iefke Ankersmid op fluit, Mylène Hofman op klarinet, Kirsten Beers spile de hoarn en Stefan Hoekstra sloeg it klokkenspul. In moai konsert wêr de oanwêzigen yn de tsjerke ek in bydrage oan leverden, der mocht regelmjittich mei songen wurde.
Nei ôfrien yn de tsjerke de betankjes en letter wilens it kofje drinke hearde ik dat er in soad kompliminten rjochting de dirigint en de koar leden útsprutsen waarden.
Jan Kamminga
{gallery}Syta/sjong121117{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121