24
zo, nov
0 Nieuwe art.
Advertentie:

Nieuws
KOOTSTERTILLE - In groep kandidaat riedsleden en leden fan it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen hat freed 26 jannewaris op wurkbesite west by it bedriuw Haitsma Beton yn Koatstertille.In groep kandidaat riedsleden en leden fan it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen hat freed 26 jannewaris op wurkbesite west by it bedriuw Haitsma Beton yn Koatstertille. De FNP’ers waarden hertlik ūntfongen troch de hear Lśtzen van Abbema en de hear Hendrik Herder fan it bedriuw. De beide hearen fertelden oer harren bedriuw oan de hān fan in presintaasje en der wie romte foar fragen.


Haitsma Beton is mear as 110 jier lyn begūn as bedriuw yn Harlingen en sūnt ein 60er jierren hawwe se in grutte produksje-lokaasje yn Koatstertille.
It bedriuw makket foaral heipeallen en oare eleminten en konstruksjes fan beton. Dizze wurde bygelyks brūkt by de bou fan brźgen,fiadukten, stadions, parkeargaraazjes ensfh. Ek de bekende barriers neist wegen makket Haitsma Beton.

Haitsma Beton makket yn Nederlān de langste betonpeallen dy’t der binne.
Sa’n 90 % fan it wurk bliuwt yn Nederlān en sa’n 10 % fan it wurk giet nei it būtenlān ta, sa as Dśtslān, Belgiė en Ingelān.
It ferfier fan dizze faaks hiel grutte betonnen peallen giet oer de wei mei grutte frachtweinen (faaks dien troch Combex) of it giet oer it wetter mei de boat.
Der wurkje op dit stuit ūngefear 96 minsken by Haitsma Beton.

Dus dit bedriuw is tige wichtich foar de wurkgelegenheid yn Achtkarspelen en ek foar it doarp Koatstertille. Yndirekte wurkgelegenheid is der ek. tink mar oan alle oanleverjende bedriuwen ensfh.

Oan it ein fan de wurk besite waarden de FNP-ers rūn lieden oer it terrein fan Haitsma Beton yn Koatstertille. It foel de FNP-ers op hoe grut it bedriuw yn it echt wol is, hokker moderne techniken se brūke en ek dat Haitsma Beton al goed neitinkt oer en wurket oan de duorsumens op it bedriuw.
De FNP-ers betanken ede hearen van Abbema en Herder fan Haitsma Beton foar de hertlike ūntfangst en de moaie wurkbesite.

Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121
Advertenties




Advertentie