BURGUM - It ferneamde festival Wâldrock, dat 30 jier ferlyn foar it earst hâlden waard yn Burgum, komt foar 1 kear werom. It programma Noardewyn Live fan Omrop Fryslân sil op 5 maaie op it befrijdingsfestival yn Ljouwert fan 13.00 oan’t 22.00 oere poadium biede oan allerhande acts dy’t ea op dit festival spile hawwe. Twa opfallende nammen hjirby binne Claw Boys Claw en Strawelte, dy’t spesjaal foar dizze dei wer by elkoar komt.
Mar ek de band The Amp komt nei 23 jier wer by elkoar hjirfoar, lykas Restless en Incursion Dementa. Alle dizze bands binne al tiiden drok dwaande mei de tariedings en oefensesjes.
Yn 1988 sette it allegear útein op de autokrossbaan fan Sumarderheide.
We dienen mar wat, mar wol mei 200 % passy, sa seit 1 fan de oprjochters Willem Wâldpyk de Vries. Op die earste edysje kaam doe sa’n 1500 minsken of, mei bands as Kobus Gaat Naar Appelscha, The Nits en Claw Boys Claw. Yn dizze 2018 edysje sille neist de al beneamde bands ek Weekend at Waikiki, Bad to the Bone, Livin’ Blues Experience, Jankobus Seunnenga & special friends en de Doelleazen noch optrede. Bruno Rummler sil in earbetoan oan syn omke Doede Bleeker dwaan. Bleeker wie yn 1988 pauzeact, en ferstoar ferlyne wike.
Alinne foar Willem Alexander of Willem Waldpyk komme we wer by elkoar, sa sei Klaas Land it, de manager fan Strawelte.
It Noardewyn Live poadium is te finen yn de Arendstuin yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslâ, telefyzje en Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it op it plein en de livestream gewoan troch.
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121