VEENWOUDSTERWAL - Troch in fûle brân gie yn de nacht fan moandei op tiisdei in wenbuorkerij oan de Foksegatten by Feanwâldsterwâl folslein ferlern. De eigner koe der op tiid útkomme. "De man tocht dat der ien oan de doar wie, mar it wie brân. Hy hat de buorman warskôge en dy belle de brânwacht", fertelt wurdfierder Jan Willem Zwart fan de brânwacht.
Doe't de brânwacht op it plak fan de brân kaam wie der al gjin hâlden mear oan. It fjoer waard bestriden troch de brânwachtkorpsen fan ûnder oare Gytsjerk, Burgum en De Westereen mei help fan de heechwurker út Ljouwert, mar it wie mear in kwestje fan 'kontrolearre útbaarne litte'.
Fan de fûle brân kaam ek in fonkerein ôf, mar yn it bûtengebiet tusken Hurdegaryp en Feanwâldsterwâl soarge dy foar net al te folle problemen. It neiblussen sil noch inkelde oeren yn beslach nimme. Oer de oarsaak fan de brân kin de brânwacht noch neat sizze.
Foto's: Auke-Jan Pruis
{gallery}Syta/brand19219{/gallery}
{gallery}Syta/brand19219{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121