GYTSJERK - Krekt foar it begjin fan de poppenkast foarstelling yn de biblotheek yn Gytsjerk komme bern en begelieders oan en nimme plak foar it blaue fjouwerkant op de flier. It is drok dizze kear mei wol 50 pjutten en beukers. Sietske hjit eltsenien wolkom en dan stekt Eric fan wâl mei it ferhaal fan Tomke, Prof. Kwitnet en it wûnderaai. Nei de ynlieding oer de blommen, it rûken hjiroan en hatsjoe, wurdt it hieltyd spannender.
It is wier in frjemd aai: it kin prate en der komt ek noch muzyk út nei twa kear drukken. De bern seagen har de eagen út en diene goed mei. Hat Tomke it aai krige?!
{gallery}Syta/tomke15617{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121