RYPTSJERK - Gjin einen hjoed yn it resort yn de haven fan Ryptsjerk. Wol in protte minsken op'e kant dy't sjogge nei 40 dielnimmers oan it wetterspektakel. Fan in hege skâns glide op in surfplanke nei de oare kant fan it wetter, dan in board pakke, fluch omheech klauterje by de sjippebaan, der bydel sliere, swimme rûn it einenhotel en dan as in spear nei de finishtafel.
Willeke Douwes, ὰ la Jack van Gelder, stelt gerêst en begeliedet mei kommentaar de sporters nei de toptiden fan Thirza,yn 1.29.82 en Jacob mei 1.08.35. De poedelprizen wiene foar Estelle (1.44.00) en Diede (2.15.56)
{gallery}Syta/wetter15617{/gallery}
Notice: Undefined property: stdClass::$readmore in /home/kanaal30/domains/archiefkanaal30.nl/public_html/templates/ja_teline_v/html/layouts/joomla/content/item/default.php on line 121